Artist: 
Search: 
Reddit

Nynke Laverman - Lit My Rinne lyrics

Brek my op
Pak my yn
Ik moat fierder
Brek my op
Pak my yn
Ik moat fierder

Wiis my hoe te gean
Kies de dei
Kies it liet
Lear my de rituelen
Brek my op
Pak my yn
It is tiid foar oare grûn

Brek my op
Pak my yn
Ik moat fierder
Brek my op
Pak my yn
Ik moat fierder

Brek myn bliuwen op
Strûp my út
De winterklean
Lis myn bonkerak op kleur
En brek my op
Pak my yn
It is tiid foar oare grûn

Brek my iepen op it suden
Lit de sinne yn myn bloed
Laad myn karre mei it leafste
Dek it ta mei swalkersmoed

Lûk myn tosken út 'e modder
Jou myn triennen oan de wyn
Smyt myn hert alfêst foarút
En lit my rinne

Set my op in spoar

Smyt my trije leppels molke nei
Doch in goede winsk
En lit my rinne