Artist: 
Search: 
Reddit

Nynke Laverman - Der Wie Ris lyrics

Yn oseanen, yn djipste djipten beskûle
Binne se te finen.
Yn oseanen ferriist de flonkerjende wrâld
Fan de Ondinen.
In keninklik folkje, dat immer libbet
Yn folsleine harmonije.
Want hja hawwe gjin siele dat hja witte net
Fan leafde of fan lijen.

Mar in jonge prinsesse, sy woe witte,
Sy woe fiele wat it libben die.
Sy stoarre omheech en dreamde oer dy frjemte
Dêr 't sy stiloan mei besibbe wie

Stil, myn leafste, oer leafde net prate no
Oer leafde net prate no
Stil, myn leafste, oer leafde net prate no

It fjoer yn har eagen trof de kening,
Hy wist: hy hie ferlern.
"Gean dan, myn famke, mar betink dy
Dat in siele dy swier weagje sil.
Swier is it langstme, is de leafde;
Do draachst har allinne, bern.
Want nea meist diele mei in minske,
Wa'sto bist en wa't dy widze, stil."

Stil, myn leafste, oer leafde net prate no
Oer leafde net prate no.
Stil, myn leafste, oer leafde net prate no

De prinsesse, sy swalke hiel it lân troch
Oant syn blik har befrear.
Dronken fan leafde, rêdeleas fereale
En einlings besiele, einlings besiele
Mar leafde sa suver ferdraacht gjin geheimen,
Ferdraacht gjin geheimen.
Sy woe har wêzen mei him diele,
Wa't sy wurklik wie net ferswije

Stil, myn leafste, dit mearke
Is allang gjin mearke mear.
Foar dy stiet it Ondinebern,
Oan wa't de see har lessen leart.
Leaf, sille wy dan sabeare,
As wiene wy in pear