Artist: 
Search: 
Reddit

Nynke Laverman - De Toek-Toek Tuorren lyrics

As de jûn ferdwynt
Yn 'e bûse fan de nacht
En de kears giet út
En de sliep komt op
Dan falle de kevers
Toek-toek-toek-toek
Dan falle de kevers

Sliep mar sêft nomadebern
De toek-toek tuorren falle
Se bringe dy dyn dreamen
Toek-toek-toek-toek

Hear, dêr gean de toek-toek tuorren
Se falle út 'e himel
Se bringe dy dyn dreamen
Toek-toek-toek-toek

Yn it lân fan wite tinten
Hingje tuorkes oan it tek
Nimmen sjocht se
Nimmen heart se
Op 'e kop boppe de minsken
Hingje lytse swarte kevers
Oan it wite tintetek

Oerdei fange se tinzen
Sammelje se wurden
Alles tocht en alles sprutsen
Wurdt mei flyt byinoar brocht

Yn minuskúle dreampakketsjes
Wûnderlik kompakt
Dy't se bine foar har búkjes
Lytse bomkes foar de nacht

Sliep mar sêft nomadebern
De toek-toek tuorren falle
Se bringe dy dyn dreamen
Toek-toek-toek-toek

Hear, dêr gean de toek-toek tuorren
De spegels fan 'e siele
Se bringe dy dyn dreamen
Toek-toek-toek-toek

Wienen hjoed dyn bedoelings goed
Yn tinken en yn sizzen
Dan wachtet dy in swiete dream
Toek-toek-toek-toek

Kamen dyn wurden út it hert
Of wienen dyn pylken giftich
De toek-toek tuorren falle
En bringe it dy werom

Yn it lân fan wite tinten
Hingje tuorkes oan it tek
Nimmen sjocht se
Nimmen heart se
Op 'e kop boppe de minsken
Hingje lytse swarte kevers
Oan it wite tintetek

Dare devils op de
Fjouwerkante meter
Einleas einleas efteroer
In frije fal fan meters meters

Parasjutisten sûnder sweefdoek
Alle nachten op 'e nij
Oant de lâning op it skyld
Toek-toek-toek-toek
En de dreamen springe frij