Artist: 
Search: 
Reddit

De Kast - Ik Ha Dy Leaf lyrics

Ik wit net asto sitst te wachtsjen
Op in freunlik wurd fan my
As ik dy oprop yn myn gedachten
Dan wurd ik sa bliid fan dy
Ik fiel it as ik dy foarby rin
As ik dy sjoch, dyn stimme hear
It sit yn hûnderttûzend flinters
Dy't swiet sweve troch myn lea

Ik ha dy leaf, myn hiele libben
't Is folle mear as hâlden fan
't Is krekt of asto yn myn bloed sitst
En ik kin der neat tsjin dwaen
Dyn moaie eagen lykje marren
Ik kin d'r sa yn ûnder gean
It is in bjusterbaarlik barren
Ik krij it ek fan 't Hearrenfean

Ik ha dy leaf, ik ha dy leaf, ik ha dy leaf
Hwat moat ik sûnder dy
't Bin mar fjouwer lytse wurdsjes
En al makket ús dat soms hwat bang
Ik ha dy leaf...wol alve stêden lang

Ik fiel it moarns asto wer opstiest
Ik sjoch it yn in simmerske bui
Ik wurd al weak asto ris fuortgiest
Yn myn allermoaiste trui
It is myn hân dytst samar fêstpakst
As wy kuierje lâns de feart
It komt ek, en dat is no it frjemde
Troch soms hast hielendal neat

Ik ha dy leaf, ik ha dy leaf, ik ha dy leaf
Hwat moat ik sûnder dy
't Bin mar fjouwer lytse wurdsjes
En al makket ús dat soms hwat bang
Ik ha dy leaf...fjirtjin blommencorsos lang

Ik pruw it as ik dy in tút jou
Of asto lakest út alle macht
Ik sjoch it as d'r wer in stjêr falt
Nei it wyld frijen yn 'e nacht
It is dy tinteling, dat bryske
En derom bist to fan my
As ik dy rinnen sjoch dan tink ik:
"God, dêr giet in ingeltsje foarby"

Ik ha dy leaf, ik ha dy leaf, ik ha dy leaf
Hwat moat ik sûnder dy
't Bin mar fjouwer lytse wurdsjes
En al makket ús dat soms hwat bang
Ik ha dy leaf...twintig skûtsjes lang

Ik sjoch twa âlde minsken
Hân yn hân by de PC
't Is ien fan myn grutste winsken
Ik ha dy leaf, ek nei de AOW

'k ha dy leaf, wat moat ik sûnder dy
't Bin mar fjouwer lytse wurdsjes
En al makket ús dat soms wat bang
'k Ha dy leaf hûnderttsien keatsfjilden lang
'k Ha dy leaf 'k Ha dy leaf..... myn hiele libben lang